Home › Heerenveen › Motie

Romte foar de takomst fan ADD

Uitslag onbekend
TypeMotie
GemeenteHeerenveen
Datum2026-11-12
DataniveauAlleen documenten
BronDownload brondocument →

Document

Geëxtraheerde tekst

# M10 ## **Moasje** **(artikel 77 Reglement van Orde gemeenteraad Heerenveen)** ### Romte foar de takomst fan Aldeboarn-De Deelen **Dizze moasje heart by** **:** Begrutting 2027 **Yn de iepenbiere gearkomste fan** **: 12 novimber 2026** Tsjinnet it folgjende riedslid dizze moasje yn: J. Tuimaka-Calsbeek PRO De ried fan de gemeente **Hearrenfean**, yn gearkomste byinoar, **Wy stelle fêst dat:** - yn it feangreidegebiet fan de gemeente Hearrenfean it gebietsproses **Aldeboarn-De Deelen** rint, dêr't boeren, bewenners, natuerorganisaasjes en oerheden gearwurkje oan in takomstbestindige ynrjochting fan it gebiet; - binnen dit proses socht wurdt nei oplossingen foar fraachstikken op it mêd fan lânbou, wetterbehear, boaiemdelgong, natuer, rekreaasje en leefberens; - it kolleezje oankundige hat mei in begruttingswiziging nei de ried te kommen; - Yn de begrutting wurdt net genôch omtinken joun oan de ûntjouwings yn dit gebiet. **Wy ha neitocht oer en fine dat:** - grutte opjeften allinne mei súkses oanpakt wurde kinne as ynwenners en ûndernimmers mei-eigner binne fan de oplossingen; - boeren net allinne produsinten fan iten binne, mar ek ûndernimmers, lânskipsbehearders en in ûnmisbere pylder ûnder de leefberens fan it plattelân; # M10 - it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen sjen lit dat ferskillen yn belangen net hoege te lieden ta tsjinstellingen, mar krekt liede kinne ta mienskiplike kânsen foar lânbou, natuer, rekreaasje en wenjen; - it gebietsproses kânsen biedt foar in sterke lânbousektor, in oantreklik lânskip, rekreaasje, bioferskaat en de leefberens fan de doarpen yn it feangreidegebiet; - de gemeente net de iennige partij is yn it gebietsproses, mar wol in wichtige partner foar ynwenners, ûndernimmers en oare oerheden dy't gearwurkje oan de takomst fan it gebiet; - in sterke posysje fan de gemeente needsaaklik is om kânsen op kofinansiering fanút provinsje, wetterskip, Ryk en Europeeske programma’s it bêste te benutten; - ynvestearrings yn gebietsûntwikkeling bydrage oan in takomstbestindich en leefber feangreidegebiet. **Wy stelle de rie foar om út te sprekken, dat:** - de gemeente Hearrenfean fertrouwen hat yn de krêft fan gebietsrjochte gearwurking; - ynwenners en ûndernimmers yn it gebiet perspektyf fertsjinje op in ekonomysk fitaal, leefber en takomstbestindich feangreidegebiet; - de gemeente in aktive en konstruktive partner bliuwe wol yn de fierdere ûntwikkeling fan it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen. **Wy fersykje it kolleezje om:** 1. yn de oankundige begruttingswiziging eksplisyt omtinken te jaan oan de fuortgong en fierdere útwurking fan it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen; 2. begryplik yn byld te bringen hokker rol de gemeente Hearrenfean de kommende jierren ferfolje wol binnen it gebietsproses en hokker stipe dêrfoar nedich is; 3. tegearre mei de belutsen partners yn byld te bringen hokker ferfolchstappen nedich binne om ta útfiering fan de útkomsten fan it gebietsproses te kommen, ynklusyf in globale foarútsjoch op de dêrfoar needsaaklike middels en mooglike finansieringsboarnen; 4. de ried hjir op 'e tiid oer te ynformearjen, sadat takomstige finansjele karren soarchfâldich meinommen wurde kinne yn de reguliere planning- en begruttingssyklus. **En giet oer ta de oarder fan de dei.** # M10 Dizze moasje is: - Oannommen - Fersmiten - Ynlutsen Stimferhâlding: .. stimmen foar, riedsleden fraksje(s): .. stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s): de griffier, de voorzitter, {{SIGNER2}} {{SIGNER1}} L. Roest-Jonkers M.A. Fokkens-Kelder

Tekst uit PDF geëxtraheerd