Home › Heerenveen › Motie
Romte foar de takomst fan Aldeboarn-De Deelen
Uitslag onbekend
| Type | Motie |
| Gemeente | Heerenveen |
| Datum | 2026-11-12 |
| Dataniveau | Alleen documenten |
| Bron | Download brondocument → |
Document
Geëxtraheerde tekst
# M10
## **Moasje**
**(artikel 77 Reglement van Orde gemeenteraad Heerenveen)**
### Romte foar de takomst fan Aldeboarn-De Deelen
**Dizze moasje heart by** **:** Begrutting 2027
**Yn de iepenbiere gearkomste fan** **: 12 novimber 2026**
Tsjinnet it folgjende riedslid dizze moasje yn:
J. Tuimaka-Calsbeek PRO
De ried fan de gemeente **Hearrenfean**, yn gearkomste byinoar,
**Wy stelle fêst dat:**
- yn it feangreidegebiet fan de gemeente Hearrenfean it gebietsproses
**Aldeboarn-De Deelen** rint, dêr't boeren, bewenners,
natuerorganisaasjes en oerheden gearwurkje oan in
takomstbestindige ynrjochting fan it gebiet;
- binnen dit proses socht wurdt nei oplossingen foar fraachstikken op
it mêd fan lânbou, wetterbehear, boaiemdelgong, natuer, rekreaasje
en leefberens;
- it kolleezje oankundige hat mei in begruttingswiziging nei de ried te
kommen;
- Yn de begrutting wurdt net genôch omtinken joun oan de
ûntjouwings yn dit gebiet.
**Wy ha neitocht oer en fine dat:**
- grutte opjeften allinne mei súkses oanpakt wurde kinne as
ynwenners en ûndernimmers mei-eigner binne fan de oplossingen;
- boeren net allinne produsinten fan iten binne, mar ek
ûndernimmers, lânskipsbehearders en in ûnmisbere pylder ûnder de
leefberens fan it plattelân;
# M10
- it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen sjen lit dat ferskillen yn
belangen net hoege te lieden ta tsjinstellingen, mar krekt liede kinne
ta mienskiplike kânsen foar lânbou, natuer, rekreaasje en wenjen;
- it gebietsproses kânsen biedt foar in sterke lânbousektor, in
oantreklik lânskip, rekreaasje, bioferskaat en de leefberens fan de
doarpen yn it feangreidegebiet;
- de gemeente net de iennige partij is yn it gebietsproses, mar wol in
wichtige partner foar ynwenners, ûndernimmers en oare oerheden
dy't gearwurkje oan de takomst fan it gebiet;
- in sterke posysje fan de gemeente needsaaklik is om kânsen op
kofinansiering fanút provinsje, wetterskip, Ryk en Europeeske
programma’s it bêste te benutten;
- ynvestearrings yn gebietsûntwikkeling bydrage oan in
takomstbestindich en leefber feangreidegebiet.
**Wy stelle de rie foar om út te sprekken, dat:**
- de gemeente Hearrenfean fertrouwen hat yn de krêft fan
gebietsrjochte gearwurking;
- ynwenners en ûndernimmers yn it gebiet perspektyf fertsjinje op in
ekonomysk fitaal, leefber en takomstbestindich feangreidegebiet;
- de gemeente in aktive en konstruktive partner bliuwe wol yn de
fierdere ûntwikkeling fan it gebietsproses Aldeboarn-De Deelen.
**Wy fersykje it kolleezje om:**
1. yn de oankundige begruttingswiziging eksplisyt omtinken te jaan
oan de fuortgong en fierdere útwurking fan it gebietsproses
Aldeboarn-De Deelen;
2. begryplik yn byld te bringen hokker rol de gemeente Hearrenfean de
kommende jierren ferfolje wol binnen it gebietsproses en hokker
stipe dêrfoar nedich is;
# M10
Dizze moasje is: - Oannommen - Fersmiten - Ynlutsen
Stimferhâlding:
.. stimmen foar, riedsleden fraksje(s):
.. stimmen tsjin, riedsleden fraksje(s):
de griffier, de voorzitter,
{{SIGNER2}} {{SIGNER1}}
L. Roest-Jonkers M.A. Fokkens-Kelder
Tekst uit PDF geëxtraheerd