Home › Noardeast-Fryslân › Motie

Ynlutsen moasje frjemd - Elzensingel- en dykswallenbehear

Ingetrokken
TypeMotie
GemeenteNoardeast-Fryslân
Datum2026-11-12
DataniveauAlleen uitslagen
BronDownload brondocument →

Document

Geëxtraheerde tekst

**Jiertal / saaknûmer: 2026-294268** Moasje oer in net op de aginda opnaam ûnderwerp De ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn gearkomste byinoar op 12 november 2026 Underwerp: **Elzensingel- en dykswallenbehear** De ried, heard it beried **;** **konstatearjend dat** : ➢ yn ús gemeente, op de sângrûnen elzensingelbehear útfierd wurdt troch partikuliere eigenaren; ➢ eltse 21 jier de elzensingels kapt wurde, konfoarm de behearsbetingsten; ➢ dizze behearsbetingsten fêstlein binne troch de Provinsje Fryslân; ➢ by dit behear hout freikomt; ➢ der gjin duorsume bestemming is foar de takken; ➢ dizze takken yn it ferliene ferbaand waarden; **oerwaagjend dat** : ➢ we as gemeente wiis binne mei de behearders fan it lânskip en mei elkoar graach wurkje oan takomstbestendich lânskipsbehear; ➢ we takken net sjen moatte as ôffal mar as in duorsume grûnstof yn de foarm fan jiske, herwinbere brânstof of organyske stof yn de boaium; ➢ it kolleezje oerwaget om it ferbaarnen fan takken te ferbieden; ➢ de gemeente belied makket dêr’t de behearders achter stean; **fersiket it kolleezje:** ➢ om de behearders fan elzensingels en dykswallen tastimming te jaan foar it ferbaarnen fan takken, dy’t frei komme by it ûnderhâld fan dizze lânskipseleminten; ➢ dit ta te stean middels in melding; ➢ mei oare gemeenten lykas Achtkarspelen, Dantumadiel, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel te sjen nei mogelijkheden oant 31 desimber 2028; ➢ de tastimming per seizoen ôf te jaan (ûnderhâld fynt plak fan 1 nov-31 maart) en it belied fêst te stellen oant 31 desimber 2028; ➢ de ried foar 1 jannewaris 2027 te ynformearjen oer de de tastimming en de oanpak, en giet oer ta de oarder fan de dei. Yntsjinne troch: P. Mulder (CDA), BBB |Stimming|Foar:|Tsjin:| |---|---|---| |Moasje oannaam / net oannaam|Moasje oannaam / net oannaam|Moasje oannaam / net oannaam| Sa besletten troch de ried fan de gemeente Noardeast-Fryslân yn syn iepenbiere gearkomste fan 12 novimber 2026. De ried niisneamd, de griffier, de foarsitter, {{Signer1}} {{Signer2}} mr. S.K. Dijkstra mr. J.G. Kramer

Tekst uit PDF geëxtraheerd